![]() |
|
|
Fryslân is polityk sjoen úterst swak; en sosjaal-ekonomysk heart it ek al net by de sterkste regio’s fan ús lân! Dy politike swakte komt foaral omdat it ien fan de tolve provinsjes is. De provinsje is yn Nederlân de bestjoerslaach mei it minste foech; sa wol it Ryk as de gemeenten binne folle sterker. Dêrtroch beheint ús provinsje har meastentiids ta it kontrolearjen fan de ‘ûnder har stelde’ gemeenten, bygelyks op it mêd fan de weryndieling, lês skaalfergrutting. Sosjaal-ekonomysk is Fryslân (en ek Grinslân) de lêste twa ieuwen hurd efterút buorke; fan de nei Hollân sterkste regio binne de noardelike gebieden hjoed de dei op de leechste plakken fan de ekonomy bedarre. De politisy dy’t it no yn Fryslân foar it sizzen hawwe, ferbetterje dizze sitewaasje oan no ta gjin sprút. Harren foarstellen om fan Fryslân in ‘wen-, soarch- en natuergebied’ te meitsjen, docht hielendal neat oan ús swakten; sterker noch it fergruttet ús ôfhinklikens allinne mar fjirder. De Friezen binne yn 2004 útroppen ta de ‘iennichste offisjeel erkende minderheid’ fan Nederlân; folle hat dat noch net opsmiten: wat diskusje oer in ‘eigen nasjonaliteit’ en de rop om ‘kulturele autonomy’. It is foaral in lege huls sûnder wurklike ynhâld. Omdat de provinsje Fryslân it grûngebied fan dizze ‘minderheid’ foarmet, hawwe wy in spesjale status, mar dêr komt neat fan op ‘e hispel. Wy sille dizze lege huls no sels ynfolje moatte! Binnen it ‘Koninkrijk der Nederlanden’ hat Aruba die status (aparte) wol; en ek Curaçao en Sint Maarten krije op 10-10-2010 de status fan ‘Lân’. It is bysûnder frjemd, dat gjin inkelde politike party of bygelyks de Fryske Beweging harren oppenearret om ús ek Lân wurde te litten. It leit nammentlik sa foar de hân: de iennichste erkende minderheid heart sjoen har spesjale posysje ek meinommen te wurden yn it fernijde Koninkrijksstatuut. Sa faak wurdt dit net oanpast, dat no lizze der serieuze kânsen om foar Fryslân yn ien kear in grutte stap foarút te meitsjen. Wy binne fan betinken, dat in status as fiifde lân de politike en de sosjaal-ekonomysk posysje fan Fryslân tige fuortsterkje sil! Ynearsten hawwe wy yn 2007 in politike Beweging oprjochte; dizze groepering - deFriezen - moat de diskusje oer de status fan ús provinsje op gong bringe! Us dielname oan de Steateferkiezings yn dat jier het yn elts gefal effekt han, want yn ‘e Fryske polityk is de oanhing foar mear foech sterk tanommen. En ûnder ús befolking is dat noch folle sterker: twa op ‘e trije Friezen fynt dat wy mear foech krije moatte. Yn maart 2011 binne de nije Steateferkiezings; foar de fernijingsbeweging deFriezen is der dus wêr in kans om ús ideeën nei foaren te bringen. Yn it nijjier fan 2010 sille wy besjen oft wy wêr oan de ferkiezings meidwaan sille. Mooglik lizze wy dizze fraach ek foar oan ús eigen Fryske befolking. Folgje dêrfoar dizze webside. |
|
| Terug naar boven | |