![]() |
|
|
1. Fryslân moat it fiifde Lân yn it Keninkryk wurde De beweging deFriezen stribbet nei mear foech foar Fryslân; yn stee fan in tebek rinnende sitewaasje, dy’t ûntstean sil as der in grutte provinsje Hollân yn de Rânestêd ûntstiet, wolle wy Fryslân fersterkje. Sjoen de winsk fan de mearderheid fan de Steaten foar mear autonomy, de erkenning fan de Friezen as nasjonale minderheid en de aktuele diskusje oer it nije Keninkrykstatút, leit der yn 2007 in unike kans om foar ús provinsje folle mear foech te regeljen. Út ús kontakten op de Antillen meitsje deFriezen op, dat in ‘Lân’ wurde yn it Keninkryk in serieuze kans is om it foech te ferheegjen. Boppedat sille Fryslân dêrmei skielk ek net opgean kinne yn in nije ‘provinsje Noard-Nederlân’, wat de ynwenners fan Fryslân absolút net wolle.
2. De ‘brain-drain’ út Fryslân wei omkeare
Fryslân hat al hyl lang te krijen mei in fuortlûken fan parten fan de befolking nei oare gebieden yn Nederlân en bûtenlân; dat is nei ús betinken in strieminne saak. Dêrom wolle deFriezen in ekonomyske foarútgong dy’t dit proses omkeart. Yn oare parten fan de wrâld binne regelfrije sônes, dy’t it oergriselijk goed dogge; fan it nije Lân Fryslân wolle wy in ‘regelliuw’ gebied meitsje. Boppedat wolle deFriezen de sosjale sikerheid sels yn hannen nimme en dêrnei it Prohef-systeem (= produksjeheffing) ynfiere. It nije Lân Fryslân hat fansels ek in universiteit nedich; in middelgrutte sa as dy yn Maastricht, sil wurk foar heger opliede Friezen meibringe. Troch de ekono-myske ‘boost’ ferwachtsje wy wichtige parten fan de ‘Friezen om útens’ werom nei it heitelân helje te kinnen. Dêrby giet it net allinnich om Fryske pensionados, mar ek Friezen dy’t noch yn oare parten fan it lân oan it wurk binne.
3. In nije (miljeufreonlike) ekonomyske sône rûn de Ôfslútdyk
Neist de A7 en de Westergo-sône stelle deFriezen in nij ekonomyske sône fan Harns en Makkum oant Wieringen en Den Helder foar; de regio rûn de Ôfslútdyk hat it yn harren om in meulyfreonlike regio mei nije energie-opwekking, transport en toerisme te wurden. Wy wolle in aquatrein yn de Ôfslútdyk, in Aqua-Citadelta by Breesândyk en getidesintrales yn dizze sône. Boppedat sil Wetsus harren energie-opwekking út de oergong fan sâlt nei swiet wetter ek moai by dizze Oanslútdam dwaan kinne. De gearwurking mei Wieringen, de Kop fan Hollân en West-Fryslân sil nei ús betinken ek in oergriselike gisel krije.
|
|
| Terug naar boven | |